GORINCHEM – Argeologen fan Hollandia en frijwilligers fan 'e Argeologywurkgroep hawwe juster de oerbliuwsels fan in hynstemole ûntdutsen op 'e hoeke fan 'e Arkelstraat yn it stedssintrum fan Gorcum. De Rosmolensteeg, dy't grinzget oan it ûndersyksterrein, hat syn namme deroan te tankjen.
Argeolooch Tim Hoogendijk: “Wy hawwe ûnder oare in diel fan in houten tsjil fûn sa’n twa meter ûnder strjitnivo. Op it punt dêr’t de as fan it draaimeganisme siet, hawwe wy fragminten fan in mûnestien fûn.” Hy fermoedet dat de fragminten út de fyftjinde iuw binne.
Anja Broeken
AD Rivierenlân
10 novimber 2011
