Tsjerkegebou ûnder in sealdak mei fjouwer krúsdakken yn neoromaanske en neogoatyske styl, ûntwurpen troch arsjitekt Tjeerd KuipersYn 'e gevels rûne bôgefinsters. Rjochts in sawat 40 m hege toer mei spits foarsjoen fan sipelfoarmige bekroning. Links fan 'e yngong in gevelstien mei de namme REHOBOTH (de Heare hat ús romte makke) en it jier 1909. Boppe de sydpoarte neist de toerslútstien fan in earder tsjerkegebou mei it opskrift EBEN – HAEZER (oant no ta hat de Heare holpen) en it jier 1850.
It houten gewelf rêst op seis pylders.